psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 deistich...
TRANSCRIPT
![Page 1: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/1.jpg)
![Page 2: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/2.jpg)
Psalmen en cantica
![Page 3: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/3.jpg)
Roaster fan psalmen
Psalmroaster fan sân wiken mei as begjinpunten:Advint I, Quinquagesima, Peaske, Pinkster
wike I II III IV V VI VII dei
sneon.jû 130 141 142 145 147 139 103 134
snein.mo 92 118 95 146 148 149 150
snein.mi 6 19 38 76 78 106 119 1-39 1-24
snein.jû 110 111 112 113 114 115 116
moan.mo 5 40 41 42 50 84 24
moan.mi 7 21 39 58 78 107 119 40-72 1-22 25-48
moan.jû 124 127 136 138 23 72 75 137 93
tiis.mo 25 29 59 46 57 73 105 43
tiis.mi 10 26 44 64 82 107 119 23-43 49-72
tiis.jû 9 27 98 1 53 129 90 14 128
woan.mo 30 36 47 61 63 65 70
woan.mi 12 33 45 66 96 109 119 15 73-96
woan.jû 13 31 62 11 4 28 16 131
1006 Itdeistichgebed
![Page 4: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/4.jpg)
wike I II III IV V VI VII dei
tong.mo 32 80 81 85 87 122 77
tong.mi 20 34 49 67 99 120 119 97-120
tong.jû 17 48 54 55 86 2 132 133
freed.mo 22 51 100 83 89 143 94 1-19 108
freed.mi 18 35 52 68 101 135 119 1-30 121-144
freed.jûn 69 79 91 71 123 3 129 125 121
sneon.mo 8 104 60 97 89 88 144 117 20-53
sneon.mi 18 37 56 74 102 140 119 31-51 145-176
Fan de psalmen dy’t kursivearre binne, steane de teksten hjirefter op s. 1009 o/m 1065.
1007Psalmenencantica
![Page 5: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/5.jpg)
Psalmtoanen
1008 Itdeistichgebed
![Page 6: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/6.jpg)
PSALM 4
As ik rop, antwurdzje my, *God, dy’t my rjocht docht.
Dy’t my yn ’e benearing ferromming jûn hat, *wês my genedich en harkje nei myn gebed.
Jimme, hege hearen, hoelang *sille jimme myn eare te nei komme,
sille jim it hâlde op dingen-fan-neat, *begien wêze op wat jim ferrifelt?
1009Psalmenencantica
![Page 7: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/7.jpg)
Tink derom, dat de Heare my wûndere genedich west hat. *de Heare harket as ik oan Him rop.
Wyn jim op, bekweadigje jim net. *Oertink it op jim rêststee, mar hâld jim stil.
Bring de offers dy’t foarskreaun binne *en betrou op de Heare.
Gâns minsken tinke: Wa lit ús it goede sjen? *Lit, Heare, it ljocht fan jo antlit oer ús daagje!
Jo hawwe my mear wille yn it herte jûn *as dy oaren hawwe by de romte fan weet en wyn.
Yn frede sil ik my deljaan en sliepe, *want Jo allinnich, Heare, jouwe my in feilich honk.
1010 Itdeistichgebed
![Page 8: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/8.jpg)
PSALM 5
Myn wurden, harkje dernei, Heare, *nim myn gemimer yn omtinken.
Hear nei myn lûde klacht, *myn kening en myn God.
Ta Jo ommers bid ik, Heare. °yn ’e moarntyd hearre Jo myn stim, *yn ’e moarntyd lis ik it Jo foar en ik wachtsje ôf.
1011Psalmenencantica
![Page 9: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/9.jpg)
Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, *ferkearden fine by Jo gjin ûnderdak.
Jo ferdylgje de liger, *in ôfgriis hat de Heare fan ’e moardner en de bedrager.
Mar ik mei troch jo grutte geunst *yn jo hûs komme,
delfalle foar jo hillige went *yn huverjend ûntsach foar Jo.
Heare, lied my neffens jo oarder °om myn benearders te plak te setten, *sljochtsje my it paad nei Jo ta.
Yn har mûle is ommers neat dêr’t men op oan kin, *ynwindich bedoele se ûnheil,
in iepen grêf is har kiel, *se meitsje har tonge glêd.
Nim har geweken, o God, *lit se stroffelje oer har eigen plannen.
Mar lit allegear dy’t by Jo skûlje, bliid wêze, *lit se it útsjonge, mar oan en mar wei.
nim it foar har op, dat se yn Jo triomfearje meie *dy’t it mei jo namme hâlde.
Want Jo, Heare, segenje de rjochtfeardigen, *as mei in skyld beskermje Jo har mei goedwilligens.
1012 Itdeistichgebed
![Page 10: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/10.jpg)
PSALM 16
Hoedzje my, God, *want by Jo sykje ik ûntwyk.
Ik sei tsjin de Heare: Myn Hear binne Jo, *myn rykdom, neat kin Jo belykje.
En tsjin de hilligen dy’t yn syn lân binne: *Hja binne de hearliken, dêr’t al myn behagen yn is.
By dy’t in oare God neirinne, *sil it lijen oanwinne.
Mei myn hannen sil ik har gjin offers bringe, *har nammen sil ik net iens op myn lippen nimme.
1013Psalmenencantica
![Page 11: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/11.jpg)
Jo, Heare, binne it taparte diel dat de lotsbeker my joech *en Jo sille foar my bewarje wat my tafoel.
De mjitsnoeren binne foar my °yn skoandere kontreien fallen, *ja, myn erfskip stiet my tige oan.
Sa priizgje ik de Heare, dy’t my ried joech, *ja, by nacht warskôget myn binnenste my.
Ik hâld de Heare aloan foar eagen, *Hy is ommers oan myn rjochterhân, ik sil net wifkje.
Dêrom hat myn hert wille °en myn binnenst jubelet; *ek myn lichem sil feilich wenje.
Want Jo litte myn libben net oan it deaderyk oer, *Jo litte jo fertrouweling de ûngrûn net sjen.
Jo leare my it libbenspaad, °in oerfloed fan freugde is deun by Jo, *leaflikens yn jo rjochterhân.
1014 Itdeistichgebed
![Page 12: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/12.jpg)
PSALM 31
I
Heare, by Jo haw ik taflecht socht, *lit my noait wer foar skande stean.
Rêd my troch my rjocht te dwaan, *hâld it ear nei my en bring my mei gauwens befrijing.Wês myn beskermjende rots, *in berchfêsting om my te rêden.
1015Psalmenencantica
![Page 13: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/13.jpg)
Want myn rots en fêsting binne Jo. *Om jo namme, Heare, wol my liede en weidzje.
Wol my út it net weihelje °dat se temûk foar my spand hienen, *want Jo binne myn skûle.
Yn jo hân betrou ik myn libben, *Jo keapje my frij, Heare, trouwe God.
Jo haatsje ferearders fan neatige ôfgoaden,mar ik hâld it op de Heare.
Ik wol jûchje en bliid wêze om ’e geunst, *dat Jo nei myn ellinde omseagen, myn need achtsloegen
en my net oan myn fijân útleveren, *mar myn fuotten de romte joegen.
1016 Itdeistichgebed
![Page 14: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/14.jpg)
31
II
Wês my tewille, Heare, want ik bin yn need, *myn each is flau fan fertriet.
Myn libben ferkwynt fan kommer, *myn libbensjierren fergeane yn suchtsjen;
fan ellinde bejout my de krêft, *de hiele lea is my stikken.
Al myn tsjinstanners húnje my no, *myn buorlju bin ik reden ta skodholjen.
en myn goedkunden in ôfgriis; *wa’t my bûten sjocht, rint by my wei.
Ik reitsje yn ’t ferjit as in deade, *ik bin as in ferwurden stik ark.
Want ik hear gâns minsken mûskopjen * – in ferskrikking oan alle kanten –
se briede plannen tsjin my út *en binne fan doel my it libben te benimmen.
Dochs hâld ik it op Jo, Heare, *en ik tink mar: Myn God binne Jo.
Myn takomst leit yn jo hân, *rêd my út ’e macht fan myn fijannen en ferfolgers.
Lit jo antlit oer jo tsjinner ljochtsje, *jou my útrêding troch jo geunst.
1017Psalmenencantica
![Page 15: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/15.jpg)
31
III
Hoe grut is de goedens, *dy’t Jo minsken tatocht hawwe dy’t ûntsach hawwe foar Jo.
en dy’t Jo iepenbier makke hawwe *foar har dy’t taflecht by Jo sykje.
Jo ferbergje har yn ’e skûle fan jo oanwêzigens, *tsjin ’e laster fan ’e minsken.
Jo jouwe har beskûl yn in hutte, *tsjin de oanfallen fan ’e tonge.
Heech te priizgjen is de Heare, °want Hy hat wûndere goedgeunstich west *yn de tiid fan ’e benearing.
Al tocht ik yn myn mismoed; *Ik bin weiband út syn eachweid,
Jo harken nei myn lûd smeekjen, *doe’t ik oan Jo rôp.
Hâld it mei de Heare, *jimme, geunstlingen allegearre.
De Heare is in hoeder foar dy’t Him trou binne, *mar sweeslaggers jout Er dûbeld-en-dwers har lean.
Stean sterk en lit jim hert wis wêze, *jim allegear dy’t op de Heare hoopje.
1018 Itdeistichgebed
![Page 16: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/16.jpg)
PSALM 51
Wês my genedich, o God, trou dat Jo binne, *nim yn jo grutte erbarming myn sûnde wei.
Waskje folslein de skuld fan my ôf, *reinigje my fan myn sûnde.Ik wit skoan dat ik mis west haw, *myn sûnde is noait by my wei.
Tsjin Jo, Jo allinne haw ik sûndige *en dien wat Jo ferkeard achtsje;
1019Psalmenencantica
![Page 17: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/17.jpg)
dat Jo hawwe gelyk mei jo útspraak *en Jo binne earlik yn jo rjochtsjen.
’t Is wier, yn ferkeardens bin ik berne, *sûndich wie ik al doe’t mem swier fan my waard.
In oprjocht hert, dat stiet Jo oan *en Jo litte my sjen wat ik ferburgen hâld.
Meitsje my mei hyzop frij fan sûnde, °dat ik rein wurde mei, *waskje my, dat ik witer wurd as snie.
Lit my wer fan blydskip en freugde hearre, *lit jubelje de lea dy’t Jo tebrutsen hawwe.
Sjoch net nei myn sûnden *en al myn skulden, nim se wei.
In hert dat suver is, skep my dat, o God, *in wisse geast, wol dy yn my fernije.
Ferstjit my net út jo mienskip *en nim jo hillige Geast net by my wei.
Jou my de freugde om jo heil werom, *steun my mei de geast dy’t reewillich makket.
Dan sil ik de sûnders jo wegen leare, *dat de ferdwaalden by Jo weromkomme.
Ferlos my fan ’e bloedskuld, o God dy’t my befrijt, *dan jubelet myn tonge, mei’t Jo my oan myn rjocht helpe.Hear, iepenje my de lippen, *dan ferkundigje ik jo lof.
Want no hawwe Jo gjin nocht oan in offer, *al brocht ik in brânoffer, it soe Jo net befredigje.
Myn offer, o God, is in brutsen geast, *in brutsen geast en in tebrizele hert, °God, Jo achtsje dat net lyts.
1020 Itdeistichgebed
![Page 18: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/18.jpg)
Doch Sion goed yn jo wolbehagen, *bou oan ’e muorren fan Jeruzalem.
Dan sille de offers Jo oanstean, °folsleine brânoffers,dan sil it hoarnfee op jo alters brocht wurde.
1021Psalmenencantica
![Page 19: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/19.jpg)
PSALM 63
O God, Jo binne myn God *en ik sykje om Jo.
myn siele hat toarst nei Jo, °myn libben smachtet nei Jo *as droege, toarstige grûn dy’t gjin wetter krijt.
Sa sjoch ik yn it hillichdom nei Jo út *om jo macht en gloarje te oanskôgjen.
Want jo geunst betsjut mear as it libben; *dêr moatte myn lippen Jo om priizgje.
1022 Itdeistichgebed
![Page 20: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/20.jpg)
Sa wol ik Jo loovje myn libben lang *en yn jo namme myn hannen opstekke.
As mei fet en moarch wurd ik sêde, *myn mûle is fol jubel en lof.
As ik op bêd oan Jo tink *en oer Jo mimerje as ik wekker lis,
– jawis, Jo binne my in help wurden; *yn it skaad fan jo wjukken jubelje ik.
Mei hert en siel hingje ik oan Jo *en jo rjochterhân hâldt my oerein.
1023Psalmenencantica
![Page 21: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/21.jpg)
PSALM 90
Hear, Jo hawwe ús in taflecht west, *it iene geslacht nei it oare.
Foardat de bergen berne wienen, °ierde en wrâld ta wêzen kamen, *ja fan ivichheid oant ivichheid binne Jo God.
1024 Itdeistichgebed
![Page 22: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/22.jpg)
Jo litte de minske wer ta stof keare *en jo sizze: Wurd wer stof, minskebern.
Want tûzen jier is foar Jo °as de dei dy’t juster foarbygong, *as in wachtersskoft yn ’e nacht.
Jo nimme de minsken wei as flarden sliep yn ’e moarn, *as gers dat mar amper opkomt.
Yn ’e moarntiid komt it op en it waakst, *de jûns is it wilich en fertoarke.
Want wy fergeane troch jo grime, *wurde opjage troch jo lilkens.
Us sûnden sette Jo foar Jo del, *wat wy beside hâlde, komt dan yn it ljocht fan jo antlit.
O, al ús dagen binne foarbygien ûnder jo grime, *ús jierren binne weiwurden as in sucht.
It tal fan ús jierren komt op santich jier *of op syn bêst op in tachtich;
it treflikste dêrfan is pine en fertriet,*it giet hurd en wy fleane nei de ein.
Wa ken it geweld fan jo grime *en wa hat ûntsach genôch foar jo lilkens?
Lear ús sa de dagen te tellen, *dat wy in wiis hert krije.
Kom werom, Heare! Hoelang noch? *Haw begrutsjen mei jo tsjinners.
Jou ús yn ’e moarntyd jo geunst mei folle hân, *dan kinne wy jubelje en al ús libbensdagen bliid wêze.
Meitsje ús likefolle dagen bliid °as Jo ús ûnder druk set hawwe, *al dy jierren dat wy it ûnheil seagen.
1025Psalmenencantica
![Page 23: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/23.jpg)
Meitsje jo tsjinners jo wurk bekend *en oan har bern jo hearlikheid.
Mei sa de geunst fan de Hear, ús God, oer ús wêze *en lit Jo it wurk fan ús hannen wol bedije.
1026 Itdeistichgebed
![Page 24: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/24.jpg)
PSALM 91
Dy’t yn ’e skûle fan de Heare wennet *en feilich is yn it skaad fan ’e Machtichste,
dy mei tsjin de Heare sizze: Myn taflecht en stins, *myn God, dêr’t ik it op oankomme lit.
Hy rêdt dy ommers út it net fan ’e fûgelfanger, *fan de deadlike pestsykte.
1027Psalmenencantica
![Page 25: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/25.jpg)
Mei syn flerken dekt Er dy, °ûnder syn wjokken fynsto beskûl. *Syn trou is in skyld en pânser.
Do hoechst net te skriljen foar de skrik yn ‘e nacht, *foar de pylk, dy’t snuorret op ljochtskyndei,
foar de pest, dy’t troch it tsjuster slûpt, *foar de goarre, dy’t op ’e middei taslacht.
Tûzen falle njonken dy, °tsientûzen oan dyn rjochterhân, *mar dij komt it net benei.
Inkeld mei de eagen wurdst it gewaar *en do meist sjen hoe’t de sûnders straft wurde.
Omdatsto de Heare dyn taflecht neamst *en de Heechste foar dyn stins hâldst,
sil dy gjin ûnheil moetsje, *gjin pleach dyn tinte beneikomme.
Want syn ingels jout Er opdracht *om dy op al dyn wegen te hoedzjen.
Dy sille dy op ’e hannen drage, *datst dyn foet oan gjin stien stjitst.
Oer liuwen en slangen rinsto hinne *en do fertrapest de liuw en de draak.
Om’t er him oan My bynt, rêd ik him, *om’t er myn namme ken, beskermje Ik him.
Ropt er My, dan jou Ik antwurd, °hat er it benaud, dan bin Ik mei him, *Ik skuor him los en bring him ta eare.
Ik jou him de romte oan libbensdagen *en lit him sjen hoe’t Ik útrêding bring.
1028 Itdeistichgebed
![Page 26: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/26.jpg)
PSALM 95
Kom, lit ús de Heare tajubelje, *jûchje foar de rots dy’t ús rêdt.
Lit ús mei in lofsang foar Him stean gean, *mei psalmen foar Him jûchje.
Want in grut God is de Heare, *in grut kening oer alle goaden.
1029Psalmenencantica
![Page 27: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/27.jpg)
Yn syn hân binne de djipten fan ’e ierde, *fan Him binne de toppen fan ’e bergen.
De see is fan Him, Hy hat dy makke, *de fêste wâl, syn hannen hawwe dy foarme.
Kom, lit ús delfalle en bûge, *knibbelje foar de Heare, dy’t ús makke hat.
Hy is ommers ús God, °en wy binne it folk, dat Er hoedet, *de keppel dêr’t syn hân oer giet.
Och, woenen jim hjoed noch harkje nei syn stim. °Ferhurdzje jimme net lykas by Meriba, *as destiids by Massa yn ’e wyldernis,
dêr’t jimme foarfaars My hifken *en fergen, hoewol’t hja myn wurk seagen.
Fjirtich jier haw Ik fan dat geslacht walge. °Ik sei: It hert fan dat folk is op ’e doele, *se wolle fan myn wegen net mear witte.
Dêrom haw Ik yn myn grime sward: *By My sille se gjin rêst fine!
1030 Itdeistichgebed
![Page 28: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/28.jpg)
PSALM 110
Dit wie de Godsspraak fan ’e Heare oan myn hear: °Gean sitten oan myn rjochterhân. *oant Ik fan dyn fijannen dij in fuotbank meitsje.
De skepter fan jo macht °mei de Heare jo oanrikke út Sion wei.*Hearskje middenmank jo fijannen.
Jo folk stiet klear de deis dat jo jo macht sjen litte: °yn hillige pronk stiet de jongerein foar jo ree *as de dauwe út ’e skurte fan ’e dage.
1031Psalmenencantica
![Page 29: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/29.jpg)
De Heare hat sward en it komt Him net te muoien: *Do bist foar ivich pryster op ’e wize fan Melchisédek.
De Heare stiet oan jo rjochterhân. *No teplettert Er keniningen, as syn grime losbarst.
Hy rjochtet de folken, besieddet de lannen mei liken, *tepletters koppen op it wide fjild.
Hy drinkt ûnderweis út ’e beek, *dan kin er de holle wer tille.
1032 Itdeistichgebed
![Page 30: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/30.jpg)
PSALM 111
Ik tankje de Heare mei it hiele hert, *yn ’e rûnte fan ’e frommen en yn ’e gearkomste.
Grut binne de dieden fan ’e Heare; *dy’t der bliid mei binne, hawwe der ûnderfining fan.
Ferheven en hearlik is syn dwaan *en syn gerjochtichheid bestiet foar ivich.
1033Psalmenencantica
![Page 31: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/31.jpg)
Mei syn wûnders hat Er namme makke; *goedgeunstich en barmhertich is de Heare.
Dy’t ûntsach foar Him hienen, hat Er iten jûn *en altyd tinkt Er oan syn ferbûn.
Hy hat it folk syn machtsdieden fiele litten, *doe’t Er har it erfskip fan ’e heidenen joech.
Wier en rjocht binne de wurken fan syn hannen, *betroud binne al syn oarderingen,
foar ivich en altyd steane se fêst, *yn trou en oprjochtens moatte se dien wurde.
Syn folk hat Er ferlossing beskikt, ° syn ferbûn har foar ivich oplein; *syn namme is hillich en ûntsachlik.
Untsach foar de Heare is it begjin fan ’e wysheid °en al wa’t dat hat, sjocht it goed. *Syn lof sil ivich bestean.
1034 Itdeistichgebed
![Page 32: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/32.jpg)
PSALM 112
Hoe gelokkich is de man, dy’t ûntsach hat foar de Heare *en bliid is mei syn geboaden.
Syn neiteam sil sterk wêze yn it lân, *it geslacht fan ’e frommen wurdt segene.
Yn syn hûs is grutte rykdom *en syn gerjochtichheid giet altyd troch.
Foar de fromme is der in ljocht yn it tsjuster; *genedich, barmhertich en rjocht.
1035Psalmenencantica
![Page 33: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/33.jpg)
In goed minske wit fan jaan en útlienen *en hy be-oarderet syn saken sa’t it heart.
Hy sil yn der ivichheid net wifkje *en de rjochtfeardige bliuwt yn oansjen.
Kwealaster is er net bang foar, *syn hert is wis yn ’t fertrouwen op ’e Heare.
Hy bliuwt himsels en ferblikt net, *oant er op syn tsjinstanners delsjen mei.
Goederjousk dielt er mei oan ’e earmen °en syn gerjochtichheid giet altyd troch, *syn eare en macht winne hieltyd oan.
De ferkearde sjocht it en fergunt it him, °hy knarst op ’e tosken en jout him ôf. *Wat sûnders begeare, komt neat fan terjochte.
1036 Itdeistichgebed
![Page 34: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/34.jpg)
PSALM 113
Loovje, tsjinners fan de Heare, *loovje de namme fan de Heare.
Heech te priizgjen is de namme fan de Heare *fan no ôf oant yn i-vichheid.
Fan it uterste easten oant it fierste westen *is de namme fan de Heare te loovjen.
1037Psalmenencantica
![Page 35: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/35.jpg)
Boppe alle folken is de Heare ferheven * en syn hearlikheid is boppe de himel.
Wa is as de Heare, ús God, * yn ’e himel of op ’e ierde?
dy’t yn ’e hichte syn troan hat, *en yn ’e lichte delsjocht,
dy’t de swakke oerein helpt út it stof *en de earme omheech hellet út it slyk,
dy’t him plak jout njonken eallju, *njonken de eallju fan syn folk,
Dy’t de ûnfruchtbere húsfrou wenje lit *as in blide mem-mei-bern.
1038 Itdeistichgebed
![Page 36: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/36.jpg)
PSALM 114
Doe’t Israel út Egypte teach, *it skaai fan Jakob út in frjemd-talich folk,
is Juda syn hearlike wente wurden *en Israel syn ryksgebiet.
Dat seach de see en f lechte, *de Jordaan ek skrille tebek,
1039Psalmenencantica
![Page 37: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/37.jpg)
de bergen sprongen as rammen, *de heuvels as jonge lammen.
Wat wie deroan, see, datsto f lechtest, *Jordaan, datsto tebekskrillest?
Wêrom, bergen, sprongen jimme as rammen *en jimme, heuvels, as jonge lammen?
Beevje, ierde, foar it antlit fan de Heare, *foar it antlit fan Jakobs God,
dy’t de rots yn in dobbe feroare *en de balstien yn in wetterwelle.
1040 Itdeistichgebed
![Page 38: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/38.jpg)
PSALM 115
Net ús, o Heare, net ús, mar jo namme komt eare ta * om jo geunst en trou.
Wêrom moatte de folken sizze: *“Wêr is dochs har God?”
Us God is yn ’e himel *en Hy docht wat Er wol.
1041Psalmenencantica
![Page 39: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/39.jpg)
Har goaden binne sulver en goud, *troch minskehannen makke.
Se hawwe in mûle, mar prate net, *se hawwe eagen, mar sjogge net,
se hawwe earen, mar hearre net, *se hawwe in noas, mar rûke net,
se hawwe hannen, mar taaste net, °se hawwe fuotten, mar rinne net, *se jouwe gjin lûd mei har kiel.
Dy’t har makke hawwe, moatte wurde as sij *mei elk dy’t op har fertrout.
Mar Israel fertrout op de Heare, *Hy is har help en har skyld.
It hûs fan Aäron fertrout op de Heare, *Hy is har help en har skyld.
De godfreezjenden fertrouwe op de Heare, *Hy is har help en har skyld.
De Heare tinkt oan ús, Hy sil ús segenje, *Hy sil It hûs fan Israel segenje,
Hy sil segenje dy’t ûntsach ha, *de lytsen en de grutten.
De Heare mei jim oanwinne litte, *jimme en jim bern.
Segene binne jim troch de Heare, *dy’t himel en ierde skepen hat.
De himel is de Heare sines *mar de ierde hat Er de minsken jûn.
Net de deaden sille de Heare loovje, *net ien fan har dy’t yn ’e stilte delsonken binne,
1042 Itdeistichgebed
![Page 40: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/40.jpg)
mar wy, wy wolle de Heare priizgje *fan no ôf oant yn i-vichheid.
1043Psalmenencantica
![Page 41: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/41.jpg)
PSALM 116
I
Ik haw de Heare tige leaf, *om’t Er nei myn smeekjen harket,
Om’t Er it ear nei my hâlden hat, *sil ik Him oanroppe myn libben lang.
1044 Itdeistichgebed
![Page 42: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/42.jpg)
Bannen fan ’e dea wienen om my hinne spand, °de eangst foar it deaderyk fleach my oan, * yn druk en drôvens kaam ik suver om,
mar ik rôp de Heare by de namme: *O Heare, rêd myn libben!
Genedich en rjochtfeardich is de Heare *en barmhertich is ús God.
De Heare hoedet de ienfâldigen; *ik wie der min oan ta, mar Hy hat my ferlost.
Kom wer ta rêst, sis ik tsjin mysels, *want de Heare hat dy goed dien.
Omdat Jo myn libben frijskat hawwe fan ’e dea, °myn eagen fan triennen *en myn fuotten fan stroffeljen,
dêrom kin ik by de Heare yn- en útgean *yn it lân fan ’e libbenen.
1045Psalmenencantica
![Page 43: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/43.jpg)
116
II
Ik hie fertrouwen, al sei ik ek: *O wat bin ik der ellindich oan ta –
en al tocht ik mismoedich: *Alle minsken falle my ôf.
Wat sil ik de Heare no weromdwaan *foar alle goeds dat Er my dien hat?
Heech til ik de beker fan it heil *en rop de namme fan de Heare út
Ik betelje de Heare myn geloften *en dat foar it each fan it hiele folk.
Te djoer is yn ’e eagen fan de Heare, °jo tsjinstfeint, in soan fan jo tsjinstfaam, dêrom hawwe Jo myn boeien tebrutsen.
Oan Jo bring ik in tankoffer *en ik rop de namme fan de Heare oan.
Ik betelje de Heare myn geloften *en dat foar it each fan it hiele folk,
yn ’e foarhôven fan it hûs fan de Heare *yn dyn fermidden, Jeruzalim.
1046 Itdeistichgebed
![Page 44: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/44.jpg)
PSALM 117
1047Psalmenencantica
![Page 45: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/45.jpg)
PSALM 118
1048 Itdeistichgebed
![Page 46: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/46.jpg)
I
Tankje de Heare, want Hy is goed, *ivich duorret syn geunst.
Israel moat sizze: *ivich duorret syn geunst.
It hûs fan Aäron moat sizze: *ivich duorret syn geunst.
Al wa’t ûntsach foar de Heare hat moat sizze: *ivich duorret syn geunst.
Yn ’e benaudens rôp ik oan de Heare; *de Heare hat my antwurde en my romte jûn.
As de Heare foar my is, bin ik net bang. *Wat kinne minsken my oandwaan?
As de Heare myn helper is, *dan sjoch ik op myn haters del.
It is better by de Heare te skûljen *as op minsken fan oansjen te fertrouwen.
1049Psalmenencantica
![Page 47: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/47.jpg)
118
II
Alderhanne folken hienen my besingele: *Yn ’e namme fan de Heare haw ik se ferslein.
Oan alle kanten hienen se my besingele: *yn ’e namme fan de Heare haw ik se ferslein.
As bijen hiene se my besingele, °mar as in toarnefjoer binne se útgien; *yn ’e namme fan de Heare haw ik se ferslein.
Se hienen my sa stompt, dat ik foel omtrint,mar de Heare hat my bystien.*
De Heare is myn krêft en myn liet, *Hy is myn rêder wurden.
Der is lûde jubel en triomf *yn ’e tinten fan ’e rjochtfeardigen:
De rjochterhân fan de Heare is heech ferheven,de rjochterhân fan de Heare docht machtige dieden. *
Ik sil net stjerre, mar libje *en fertelle wat de Heare dien hat.
De Heare hat my kastijd en wer kastijd, *mar net oan ’e dea oerjûn.
1050 Itdeistichgebed
![Page 48: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/48.jpg)
118
III
Doch my de poarten fan ’e gerjochtichheid iepen; *ik wol deryn om de Heare te tankjen.
Dit is de poarte nei de Heare; *de rjochtfeardigen meie der ta yngean.
Ik tankje Jo, dat Jo my antwurde ha *en dat Jo myn rêder wurden binne.
De stien dy’t de boulju weidien hienen, *dy is no de hoekstien wurden.
Dat is sa kommen troch de Heare *en in wûnder is it yn ús eagen.
Dit is de dei, dy’t de Heare makke hat; *om Him wolle wy jubelje en bliid wêze.
Och Heare, jou ús útrêding! *Och Heare, dat it ús slagje mocht!
Heech te priizgjen is, dy’t komt yn ’e namme fan de Heare. °Wy winskje jimme heil út it hûs fan de Heare. *De Heare is God, Hy liet it foar ús daagje.
Byn no it feestoffer mei touwen *oan ‘e hoarnen fan it alter.
Jo binne myn God en Jo wol ik tankje, *myn God, heech wol ik fan Jo opjaan.
Tankje de Heare, want Hy is goed, *ja, ivich duorret syn geunst.
1051Psalmenencantica
![Page 49: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/49.jpg)
PSALM 121
Ik slach myn eagen op nei de bergen. *Wêr moat myn help wei komme?
Myn help komt fan de Heare, *dy’t himel en ierde makke hat.
Hy lit dyn foet net wifkje *en Hy slommet net, dyn Hoeder.
1052 Itdeistichgebed
![Page 50: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/50.jpg)
Nee, net slomje en net sliepe *sil de Hoeder fan Israel.
De Heare is dyn Hoeder, *de Heare is dyn skaad oan ’e rjochterside.
Oerdeis stekt dy de sinne net, *nachts docht de moanne dy gjin kwea.
De Heare hoedet dy foar alle kwea, *Hy hoedet dyn libben.
De Heare hoedet dyn gean en dyn kommen *fan no ôf oant yn i-vichheid.
1053Psalmenencantica
![Page 51: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/51.jpg)
PSALM 130
Ut ‘e djipte wei rop ik Jo, Heare. *Hear, harkje nei myn stim.
Lit Jo earen dochs acht jaan *op myn lûd smeekjen.
As Jo, Heare, my de sûnden oanrekkenje, *o Hear, wa kin dan steande bliuwe?
1054 Itdeistichgebed
![Page 52: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/52.jpg)
Mar Jo kinne ferjaan *en dêrom hat men ûntsach foar Jo.
Ik wachtsje op de Heare, *mei hert en siel wachtsje ik, ik hoopje op syn belofte.
Mei hert en siel sjoch ik út nei de Heare, *mear as wachters nei de moarntyd, °wachters nei de moarntyd.
Wachtsje, Israel, op de Heare, want by de Heare is genede, *by Him is folsleine ferlossing.
Ja, Hy sil Israel ferlosse *fan alle ûngerjochtichheid.
1055Psalmenencantica
![Page 53: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/53.jpg)
PSALM 134
Kom, priizgje no de Heare, *jimme tsjinners fan de Heare,
dy’t de nachttsjinst hawwe *yn it hûs fan de Heare.
Heevje de hannen nei it hillichdom *en priizgje de Heare.
De Heare dy’t himel en ierde makke hat, *Hy mei dy segenje út Sion wei.
1056 Itdeistichgebed
![Page 54: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/54.jpg)
PSALM 141
Heare, ik rop om Jo, kom mei hasten by my, *harkje, no’t ik lûd om Jo rop.
Lit myn gebed as wijreek nei Jo opstige, *en lit myn opstutsen hannen in jûntydsoffer wêze.
Set, Heare, in wacht foar myn mûle *en hoedzje de doar fan myn lippen.
1057Psalmenencantica
![Page 55: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/55.jpg)
Lit myn hert net oerhingje nei it ferkearde, *oars soe ik my slim besûndigje kinne.
Al hoe’t kweaminsken my ek lokje, *lit my net priuwe fan har swiet.
In rjochtfeardige mei my slaan, dat docht my deugd, °as dy my ôfstraft, is it as oalje op myn holle.As se yn it lijen komme, bliuw ik noch biddende;
As se yn ’e hurde hân fan har rjochters falle, *dan sille se noch altyd hearre, °hoe freonlik myn wurden binne.
As hie immen de ierde ploege en iepenskuord, °sa lizze ús bonken strak ferstruid, * de mûle fan it deaderyk is iepen.
Mar, Heare, myn God, nei Jo sjogge myn eagen °en by Jo sykje ik myn taflecht; *smyt myn libben net wei yn ’e dea.
Hoedzje my foar de strûp dy’t se my spanne, *en foar de falnetten fan kweadoggers.
Lit de ferkearden yn har eigen kûlen falle, *wylst ik myn wegen gean.
1058 Itdeistichgebed
![Page 56: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/56.jpg)
PSALM 146
Lit al wat yn my is de Heare priizgje, *ik priizgje de Heare myn libben lang,
foar myn God wol ik psalmsjonge * salang as ik der bin.
Fertrou net op foarsten, net op minskebern, *dêr’t gjin help fan komt.
1059Psalmenencantica
![Page 57: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/57.jpg)
As de siken derút geane, wurdt er wer stof fan ’e ierde *en is it dien mei syn foarnimmens.
Gelokkich de man dy’t Jakobs God as helper hat, *dy’t hopet op de Heare, syn God;
God, dy’t himel en ierde makke hat, *De see en al wat dêryn is.
Dy’t trou bliuwt oant yn i-vichheid, *dy’t ferdrukten oan har rjocht helpt
en de hongerigen brea jout. *De Heare lit de gefangenen los,
de Heare jout de blinen it gesicht, *de Heare helpt de delbûgden oerein,
de Heare hâldt it mei de rjochtfeardigen, *de Heare beskermet de frjemdelingen,
Hy hâldt de widdo en de wees op fuotten, *mar de wei fan sûnders lit Er dearinne.
De Hear is foar ivich kening, *dyn God, Sion, fan âlder op âlder.
1060 Itdeistichgebed
![Page 58: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/58.jpg)
PSALM 148
Loovje de Heare út de himel wei, *loovje Him yn ’e hichte,
loovje Him, al syn ingels, *loovje Him, al syn legers,
loovje Him, sinne en moanne, *loovje Him, alle ljochtsjende stjerren,
loovje Him, boppeste himel *en jimme, wetters boppe de himel:
1061Psalmenencantica
![Page 59: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/59.jpg)
hja moatte de namme fan de Heare loovje, *want op syn befel binne se skepen;
Hy joech har foar altyd en ivich it bestean *en brocht har yn in baan dy’t Er net wer feroaret.
Loovje de Heare ek fan de ierde ôf, *jimme, seemeunsters en alle djipten,
fjoer en hagel, snie en dize, *do, stoarmwyn dy’t syn wil folbringt,
jimme, bergen en alle heuvels, *fruchtbeammen en alle seders,
jimme, wyldguod en alle fee yn keppels, *al wat krûpt en al wat f ljocht,
jimme, keningen fan ’e ierde en alle folken, *foarsten en rjochters op ierde,
jimme, jongfeinten en jongfammen, *de âlderein mei de jongerein;
hja moatte de namme fan de Heare loovje, °want syn namme is allinnich ferheven *en syn majesteit is boppe himel en ierde.
Hy liet de macht fan syn folk oanwinne, *Hy joech al syn geunstlingen in lofsang,
oan de bern fan Israel, *oan it folk dat Him neistiet.
1062 Itdeistichgebed
![Page 60: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/60.jpg)
PSALM 149
Sjong foar de Heare in nij liet, *syn lof yn ‘e gemeente fan syn geunstlingen.
Lit Israel bliid wêze om syn Skepper, *lit de bern fan Sion jubelje om har Kening.
Lit har syn namme huldigje mei dûnsjen, *lit har by tromme en liere foar Him psalmsjonge.
1063Psalmenencantica
![Page 61: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/61.jpg)
Want de Heare hat tige mei syn folk op, *Hy kroanet de ellindigen mei de oerwinning.
Lit de geunstlingen jubelje yn gloarje, *lit har jubelje yn har legerkampen,
de mûle fol fan Gods lofprizingen *en in twasnedich wapen yn ’e hân.
Wraak oefenje ûnder de folken, *ferjilding ûnder de naasjes,
har kening mei kettings bine, *har foarname lju mei izeren boeiens,
it beskreaune fonnis oan har útfiere – *dàt is de eare foar al syn geunstlingen.
1064 Itdeistichgebed
![Page 62: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/62.jpg)
PSALM 150
Loovje God yn syn hillichdom, *loovje Him yn syn machtich ferwulft,
loovje Him om syn machtige dieden, *loovje Him, machtich en grut dat Er is,
loovje Him mei de klang fan ’e rammehoarn, *loovje Him mei harp en liere,
loovje Him mei tromme en dûns, *loovje Him mei snaren en fluit,
loovje Him mei slaande bekkens, °loovje Him mei sketterjende bekkens, *al wat sykhellet, loovje de Heare.
1065Psalmenencantica
![Page 63: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/63.jpg)
CanticaAntifoanen(meioantsjuttingfanpsalmtoan)side1070-1090
Lukas 1:46-55LofsangfanMaria
Ik loovje de Hear mei hert en siel, *ik jubelje om God, myn Rêder:
dat Er genedich delsjoen hat op syn lytse faam. *Dêrom sille fan no ôf alle geslachten my lokkich neame,
omdat Hy dy’t de Machtige en de Hillige hjit, *grutte dingen oan my dien hat.
De geslachten lâns giet syn barmhertichheid *oer dy’t earbied foar Him hawwe.
Hy hat sjen litten de sterkens fan syn earmen, *de heechhertigen reage Er útinoar.
Hege machthawwers helle Hy del fan ’e troan, *mar lytse lju holp Er omheech.
Hongerigen hat Hy sêde mei goede jeften, *mar riken stjoerde Er mei lege hannen fuort.
Hy hat it opnommen foar Israel, syn tsjinner, *troch te tinken om syn barmhertichheid,
lykas Er ús foarâlden tasein hie, *Abraham en syn neiteam ta segen, altiten troch.
Eare oan de Heit en de Soan *en de hillige Geast,
lykas yn it oanbegjin, no en jimmer *en fan ivichheid oant ivichheid. A-men.
1066 Itdeistichgebed
![Page 64: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/64.jpg)
Lukas 1:68-79LofsangfanSacharias
Heech te priizgjen is de Hear, de God fan Israel, *want genedich hat Er nei syn folk omsjoen °en it ferlossing brocht.
In rêdende krêft liet Er foar ús opkomme *yn it hûs fan David, syn tsjinner,
sa’t Er tasein hie troch de mûle *fan dy’t de ieuwen lâns syn hillige profeten wienen:
ferlossing fan ús fijannen *en út ’e macht fan al ús haters.
Meilijen hied Er mei ús foarâlden * en Hy tocht om syn hillich ferbûn
en om ’e eed dy’t Er dien hie oan Abraham, ús heit, *dat wy sûnder eangst, frij fan fijannen,
Him tsjinje koenen, hillich en from *foar Him stean, alle dagen.
En do, myn jonkje, silst profeet °fan de Alderheechste neamd wurde, *want do silst foar Him út gean °om syn paad ree te meitsjen
en te soargjen dat syn folk kennis kriget fan ’e ferlossing, *trochdat de sûnden har ferjûn wurde °fanwegen de ynmoedige barmhertichheid fan ús God,
wêrmei’t Er genedich op ús delsjen sil *as Moarnsrea út ’e himel,
om harren ljocht te bringen, °dy’t sitte yn it tsjustere skaad fan ’e dea *en ús it paad nei frede op te stjoeren.
1067Psalmenencantica
![Page 65: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/65.jpg)
Eare oan de Heit en de Soan *en de hillige Geast,
lykas yn it oanbegjin, no en jimmer *en fan ivichheid oant ivichheid. A-men.
1068 Itdeistichgebed
![Page 66: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/66.jpg)
Lukas 2:29-32LofsangfanSimeon
No jouwe Jo, Hear, jo tsjinner it frij *om nei jo tasizzing yn frede hinne te gean;
myn eagen hawwe no ommers de ferlossing sjoen, *dy’t Jo tarèt hawwe foar it each fan alle folken,
in ljocht om de heidens it paad te wizen*en in gloarje foar jo folk Israel.
Eare oan de Heit en de Soan *en de hillige Geast,
lykas yn it oanbegjin, no en jimmer *en fan ivichheid oant ivichheid. A-men.
1069Psalmenencantica
![Page 67: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/67.jpg)
Antifoanen by de cantica
1070 Itdeistichgebed
![Page 68: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/68.jpg)
1071Psalmenencantica
1
2
3
![Page 69: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/69.jpg)
1072 Itdeistichgebed
4
5
6
7
![Page 70: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/70.jpg)
1073Psalmenencantica
8
9
10
11
![Page 71: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/71.jpg)
1074 Itdeistichgebed
12
13
14
15
![Page 72: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/72.jpg)
1075Psalmenencantica
16
17
18
19
![Page 73: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/73.jpg)
1076 Itdeistichgebed
20
21
22
![Page 74: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/74.jpg)
1077Psalmenencantica
23
24
25
26
![Page 75: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/75.jpg)
1078 Itdeistichgebed
27
28
29
30
![Page 76: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/76.jpg)
1079Psalmenencantica
31
32
33
![Page 77: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/77.jpg)
1080 Itdeistichgebed
34
35
36
37
![Page 78: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/78.jpg)
1081Psalmenencantica
38
39
40
41
![Page 79: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/79.jpg)
1082 Itdeistichgebed
42
43
44
![Page 80: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/80.jpg)
1083Psalmenencantica
45
46
47
48
![Page 81: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/81.jpg)
1084 Itdeistichgebed
49
50
51
52
![Page 82: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/82.jpg)
1085Psalmenencantica
53
54
55
![Page 83: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/83.jpg)
1086 Itdeistichgebed
56
57
58
![Page 84: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/84.jpg)
1087Psalmenencantica
59
60
61
![Page 85: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/85.jpg)
1088 Itdeistichgebed
62
63
64
65
![Page 86: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/86.jpg)
1089Psalmenencantica
66
68
69
70
67
![Page 87: Psalmen en cantica - oud.boekencentrum.nloud.boekencentrum.nl/images/files/24 Deistich gebed...Psalmen en cantica 1011. Want Jo binne net in God dy’t it ferkearde oanstiet, * ferkearden](https://reader035.vdocuments.site/reader035/viewer/2022071502/6121617629593b290d2ae185/html5/thumbnails/87.jpg)
1090 Itdeistichgebed
71
72
73