fryske krite hoarn “troch de tael forboun” krite... · it akkrumer dreamtheater ‘mutsen’ is...

12
1 Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” oktober 2017 Oan ús kriteleden en freonen........................................ 2 Ledeberjochten ............................................................. 4 Ferlotting en tagongsprizen .......................................... 5 Útnoeging foar 28 oktober 2017 .................................. 6 Gedicht Hjerst .............................................................. 8 De wurklist winterskoft 2017-2018 .......................... 10 Wurklist fan susterkriten ............................................ 10 Frysk folksliet (“De âlde Friezen”) ........................... 11 Bestjoer Fryske Krite Hoarn ...................................... 12 Kvk. Nummer: 5324 1274 Rabobank rekken: NL54 RABO 0162 2705 77 Lid fan It Frysk Boun om Utens www.fryskbutenfryslan.nl

Upload: vuongquynh

Post on 29-Jul-2018

235 views

Category:

Documents


0 download

TRANSCRIPT

Page 1: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite... · It AKKRUMER DREAMTHEATER ‘Mutsen’ is in tragy-komeedzje fan Christa Warmerdam en yn it Frysk oersetten troch Tryntsje

1

Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun”

oktober 2017

Oan ús kriteleden en freonen ........................................ 2

Ledeberjochten ............................................................. 4

Ferlotting en tagongsprizen .......................................... 5

Útnoeging foar 28 oktober 2017 .................................. 6

Gedicht Hjerst .............................................................. 8

De wurklist winterskoft 2017-2018 .......................... 10

Wurklist fan susterkriten ............................................ 10

Frysk folksliet (“De âlde Friezen”) ........................... 11

Bestjoer Fryske Krite Hoarn ...................................... 12

Kvk. Nummer: 5324 1274 Rabobank rekken: NL54 RABO 0162 2705 77 Lid fan It Frysk Boun om Utens www.fryskbutenfryslan.nl

Page 2: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite... · It AKKRUMER DREAMTHEATER ‘Mutsen’ is in tragy-komeedzje fan Christa Warmerdam en yn it Frysk oersetten troch Tryntsje

2

Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun”

---------------------------------------------------------------------

Oan ús kriteleden en freonen

t is noch simmertiid, mar as ik nei bûten sjoch is it klearebare hjerst. Stoarmwyn giselt de beammen mei harren takken fol blêd. De rein slacht fûl op

tsjin de finsters. Eins waar om in moai boek te lêzen. Ek tiid om werom te tinken oan de simmer. In tiid fan genietsjen. En as men der net op út koe, wie der ek noch omrop Fryslân mei syn moaie útstjoeringen fan de P.C. of de Freulepartij

en it skûtsjesilen en al sa mear. Ik hoopje dat ús kritejûnen net sa “stoarmich” binne as it waar dizze wike.

I

Page 3: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite... · It AKKRUMER DREAMTHEATER ‘Mutsen’ is in tragy-komeedzje fan Christa Warmerdam en yn it Frysk oersetten troch Tryntsje

3

It bestjoer is alwer yn it spier west om de jûnen ynhâld te jaan. In bytsje nostalgy, in bytsje nijmoadrich, alles komt oan bar. Sa wienen wy by de wynfeesten oan de Moezel. Der wurd de kultuer ek heech hâlden. Foar jongerein komt de tiid fan no goed oan bar, mar se dogge ek mei oan de “âldere” tiid. Sa is ‘t mei de kriten ek wol in bytsje. Wy hâlde fan de âlde Fryske kultuer. Mar de jongerein sjogge we net. Se hawwe oare ferdivedaasje. Prate gjin Frysk, want se binne hjir opwaakse. Mar wy, âlderein, fiele ús ek net thús yn de diskoteek. Ik hie it oer kultuer. Ien fan ús grutte foarbielden fan Fryske kultuer is wol Rients Gratama. Op 7 septimber is hy ferstoarn.

Ek yn Hoarn hat hy syn prachtige suksessen op de planken brocht. Hy sil mist wurde.

"Fryslân ferliest in kultuer-ikoan"

Yn 2018 is Ljouwert Europeeske Kulturele Haadstêd. Yn dat jier is der fan alles te dwaan. Sa wurd op 14 april 2018 de jiergearkomste fan it Boun om Utens hâlden yn Ljouwert. Tagelyk is der de Friezedei foar de kriten bûten Fryslân. Alles sil yn it Provinsjehûs plakfine. De dei wurd iepene troch de hear Brok, kommissaris fan de Kening. It Boun bestiet yn 2018 al 95 jier. Elts is wolkom en it is fergees. Op 28 oktober hawwe wy ús earste grutte jûn.

Page 4: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite... · It AKKRUMER DREAMTHEATER ‘Mutsen’ is in tragy-komeedzje fan Christa Warmerdam en yn it Frysk oersetten troch Tryntsje

4

It Akkrumer Dreamtheater komt mei it stik “Mutsen”. Seis froulju spylje in tragikomeedzje oer seis susters, skreaun troch Christa Warmerdam en oersetten troch Tryntsje van der Zee. Kom en sjoch dit prachtige stik. Nim freonen en goekunde mei, it is de muoite wurdich. Anjo Boonstra soarget foar gesellige muzyk. Ik hoopje in protte minsken in waarm wolkom taroppe te kinnen nammes it bestjoer. Foar allegearre, mar wis ek foar de toanielploech soe dat in stik bûter yn de brij wêze. Ik fyn dat der no foarearst wol wer genôch op papier stiet. Foar eltsenien in hertlike groet en oant 28 oktober. Foarsitter, Tiny Dijkstra-de Vries

Ledeberjochten

Op 23 maart 2017 ferstoar ús kritelid frou

Anneke Roolvink-van der Meij .

Berne te Ljouwert op 9 novimber 1937. In gemis is der foar de neibesteanden en freonen fan Anneke en it bestjoer en kriteleden winsket harren in protte sterkte ta.

Page 5: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite... · It AKKRUMER DREAMTHEATER ‘Mutsen’ is in tragy-komeedzje fan Christa Warmerdam en yn it Frysk oersetten troch Tryntsje

5

Ferlotting en tagongsprizen

Lidmaatskip en tagongsprizen: It lidmaatskip foar ien persoan is 12,50 euro foar in hiel jier (It krite jier rint fan juny oant ein maaie). Op de grutte jûnen is de tagongspriis foar leden 2,50 euro en foar net leden 7,50 euro mar de lytse jûn is fergees. Opjefte foar it lidmaatskip kinne jo dwaan by de ponghâlder de hear P. Slange De sealpriis op de grutte jûnen: Jo kinne dizze sealpriis winne as jo yn ‘e seal sitte op ien fan ús grutte jûnen. By de yngong krije jo in nûmer dat kâns jout op dizze sealpriis. De ferlotting yn it skoft: Yn it skoft fan de grutte jûnen wurdt der in ferlotting hâlden. De prizen bestean meastentiids út in blomke, oranjekoeke, fleske wyn of oare aardichheden. Jo kinne yn it skoft lotten keapje foar 5 euro en dan krije jo 10 lotsjes fan elk 50 eurosint it stik. Altyd priis by de keap fan 10 lotsjes.

Autoferfier: Leden dy’t yn Hoarn, Blokker en Zwaag wenje en autoferfier nedich ha, kinne kontakt opnimme mei ús skriuwer de hear Vogel (till. 234012). Lief en Leed Lief en leed berjochten kinne jimme trochjaan oan: Tine Bouman-Westra, A. van Beierenstraat 80, 1718XK Hoogwoud. Till.nr. 0226-353385

Page 6: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite... · It AKKRUMER DREAMTHEATER ‘Mutsen’ is in tragy-komeedzje fan Christa Warmerdam en yn it Frysk oersetten troch Tryntsje

6

Útnoeging foar 28 oktober 2017 It bestjoer fan de Krite Hoarn noeget al har leden, sibben en kunde út foar har grutte jûn op 28 oktober 2017 om 20.00 oere yn ‘e Huesmolen te Hoarn foar it toanielstik:

‘MUTSEN’

spile troch

It AKKRUMER DREAMTHEATER ‘Mutsen’ is in tragy-komeedzje fan Christa Warmerdam en yn it Frysk oersetten troch Tryntsje van der Zee.

It stik MUTSEN bestiet út 2 bedriuwen. It earste bedriuw bestiet út 3 scenes wêrby’t it tuskentroch efkes tsjuster wurdt. Tusken it earste en twadde bedriuw is der in skoft.

Page 7: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite... · It AKKRUMER DREAMTHEATER ‘Mutsen’ is in tragy-komeedzje fan Christa Warmerdam en yn it Frysk oersetten troch Tryntsje

7

Ynhâld “Mutsen” It stik ’Mutsen’ giet oer 6 susters. Seis susters mei harren eigen libben, karakter, eigenaardigens, swierrichheden en net te ferjitten geheimen. Ealst jier geane se mei-inoar in wykein fuort ……….. Mei humor en gang sil dit suster wykein him oppenearje ta in wynhoas fol ûnferwachte draaiïngen. Is dit it lêste suster wykein as ….? De 6 suster wurde spile troch: Nel Hennie Rorije Koby Joke Poortman Paula Yteke van der Wal Leida Nynke Bosma Corry Anneke Wiersma Ans Nynke Bergsma Rezy Margreet de Boer

De muzyk op dizze jûn wurd fersoarge troch ús kritelid de heer Anjo Boonstra.

Page 8: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite... · It AKKRUMER DREAMTHEATER ‘Mutsen’ is in tragy-komeedzje fan Christa Warmerdam en yn it Frysk oersetten troch Tryntsje

8

Gedicht Hjerst

De âlde man siet op in bankje- Rûnom blêden, brún en giel.

Oer it wetter fan “e fiver, Boarte in lêste sinnestriel.

It wier dêr stilen och sa fredich;

Dizze rêst die him sa goed. En net langer woe er tinke Oan wat no wie, en hjoed.

Stadichoan loeken syn tinzen

Nei it ferline;nei de tiid Dat er jong wie , sûn en warber,

Alles wie doe ljocht en bliid.

Skoallejierren , tiid fan jonkheid; Libbens maityd hie dat west.

Doe kaam sy ,syn grutte leafde. O, wat heucht him dat noch bêst.

Mei de jierren dy‘t doe kamen, Bruts de libbenssimmer oan.

‘t Hûsgesin waard al mar grutter; Skreppe moast er jimmeroan.

Ek de tiid hie neist gâns wille Ek fertriet en soargen brocht.

Bern yn goedens grut te bringen, Wie faak swierder as men tocht.

Page 9: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite... · It AKKRUMER DREAMTHEATER ‘Mutsen’ is in tragy-komeedzje fan Christa Warmerdam en yn it Frysk oersetten troch Tryntsje

9

Mar de bern dy waarden âlder, Gongen elk har eigen wei.

En ynienen hie “t wer stil west, Foelen in soad soargen wei.

No”t syn libbenstaak folbrocht wie,

Soe”r in rêstich jûnsskoft ha. Kom mar hjerst, kom, tocht de man no.

Want de hjerst falt altyd ta.

Froukje Annema –Noordenbos.

Page 10: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite... · It AKKRUMER DREAMTHEATER ‘Mutsen’ is in tragy-komeedzje fan Christa Warmerdam en yn it Frysk oersetten troch Tryntsje

10

De wurklist winterskoft 2017-2018

28 oktober 2017 1e grutte jûn: Akkrumer DreamTheater spilet it toanielstik ‘MUTSEN’. 13 jannewaris 2018 2e grutte jûn: toanielstik ...... ? 16 febrewaris 2018 lytse jûn mei SPREKKER Bearn Bilker oer ‘Oranje’. 17 maart 2018 3e grutte jûn: toanielstik ....?

Wurklist fan susterkriten

Krite Haarlim “Gysbert Japicx” Lokaasje: Stedelijk Gymnasium, Jacobijnestraat 2, 2011 TH Haarlim. Noch gjin wurklist beskikber

Page 11: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite... · It AKKRUMER DREAMTHEATER ‘Mutsen’ is in tragy-komeedzje fan Christa Warmerdam en yn it Frysk oersetten troch Tryntsje

11

Frysk folksliet (“De âlde Friezen”)

Frysk bloed tsjoch op! wol no ris brûze en siede. En bûnzje troch ús ieren om! Flean op! Wy sjonge it bêste lân fan d’ierde. It Fryske lân fol eare en rom. Klink dan en daverje fier yn it rûn. Dyn âlde eare, o Fryske grûn! Klink dan en daverje fier yn it rûn. Dyn âlde eare, o Fryske grûn! Trochloftich folk fan dizze âlde namme, Wêz jimmer op dy âlders great! Bliuw ivich fan dy grize, hege stamme, In grien, in krêftich bloeijend leat! Klink dan en daverje fier yn it rûn. Dyn âlde eare, o Fryske grûn! Klink dan en daverje fier yn it rûn. Dyn âlde eare, o Fryske grûn!

Page 12: Fryske Krite Hoarn “Troch de Tael Forboun” Krite... · It AKKRUMER DREAMTHEATER ‘Mutsen’ is in tragy-komeedzje fan Christa Warmerdam en yn it Frysk oersetten troch Tryntsje

12

Bestjoer Fryske Krite Hoarn

Foarsitter: Tiny Dijkstra-de Vries Schoener 3, 1771 EA Wieringerwerf Till.: 0227 501050

e-mail: [email protected] 2e Foarsitter: Douwe Hoekstra Tinnegieter 1, 1625 AN Hoorn Till.: 0229 211749 e-mail: [email protected] Ponghâlder1 en Popke Slange lede-administraasje: V. Dedemstraat 4, 1624 NN Hoorn Till.: 0229 234881 e-mail: [email protected] Skriuwer: Jan Vogel Yellowlaan 4, 1695 HV Blokker Till.: 0229 234012 e-mail: [email protected] Oare bestjoersleden: Jetske Leenstra-de Groot Dorpsstraat 293, 1689 GE Zwaag Till.: 0229 263735 e-mail: jetskeleenstra@ me.com

Renske Nauta-Haagsma Dr. CJK van Aalstweg 19, 1625 NV Hoorn Till.: 0229 237267 e-mail: [email protected]

Harmke Burggraaff-Adema Rijweg 45, 1689 WX Zwaag Till.: 0229 238284 e-mail: [email protected]

Eareleden: De hear Popke Slange De hear Eppie Kloezen

Lief en leed: Tine Bouman-Westra, A. van Beierenstraat 80, 1718XK Hoogwoud. Till.nr. 0226-353385

1 Bank: NL54 RABO 0162 2705 77 Fryske Krite Hoarn